Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
It ferset (2004)

Informatie terzijde

Titelpagina van It ferset
Afbeelding van It fersetToon afbeelding van titelpagina van It ferset

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman
vertaling


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

It ferset

(2004)–Harmen Wind–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

25

Tsjin de oare side fan De gemeene gratie oan stiet in boekje mei in linnen omkaft. It blykt in blau linieard notysjeboekje fan ús mem te wêzen. Foaryn hat se skreaun:

 
't Papier is moai, it wyt is prachtich,
 
skriuw samar net wat op dit fel.
 
Nee, ik lis gau de pinne del.

Dochs hat se it fierderop nochris probearre. Yn 'e memmetaal. Sy soe it net yn 't Hollânsk kinne.

 
Tank, Heare dat efkes de sinne trochbruts,
 
de sinne fan Jo genede,
 
Jo seagen my oan as Jo eigen bern,
 
en joegen my, ien tel mar, frede.
[pagina 189]
[p. 189]

Derûnder stiet: datum gjin idee.

Wêrom taast my dit yn it moed? Om't it in fersidebrocht momint is? Har ûnderfining fan ‘ik wurd sjoen’? Of is it om't sy har eigen frommens net fertroude? Om't har werklikheid oars wie? Us heit sil se dit net foarlein ha. De oare 186 nûmere siden fan it boekje binn' ‘prachtich wyt’ bleaun.

Fierders stean neist de sammele wurken fan Isaäc Da Costa (Kan het zijn dat de lier), dy fan Jacqueline van der Waals (Ik keek in de gouden heerlijkheid) en, yn fersliten suêdelear, de bondel Verzen fan Alice Nahon ('t Is goed in 't eigen hert). Har foarbylddichters diene it wol yn it Hollânsk. Dit is har ôfdieling.

Der leit as blêdwizer in stikje papier by it gedicht Geloof:

 
Daar droomt iets in uw oogen,
 
Wen gij ten hemel ziet;
 
Daar zingt iets in uw zuchten,
 
Héél verre, van verdriet...

Op dat stikje útskuord papier stiet yn har hânskrift in rigeltsje Gezelle:

 
Het leven is geen vrede hier.

It hjoed kringt wer ta my troch yn 'e foarm fan in porsleinen inketstel op 'e burorâne, slim skeind. Nei alle fallen wer byelkoar lime. It oantinken oan har broer, Piter. In relikwy. Sûnt har ferstjerren is it wat it is: pún.

 

Efteryn ‘Verzen’ fyn ik wrachtich in brunich kranteknipsel út De Hepkema, It nijsblêd fan Fryslân, 29 juni 1934, mei as kop De jonge dichter is ferstoarn. Piter, trou meiwurker oan 'e krante, sloopt troch de fleanende tarring, trijentweintich jier âld. Skriuwer fan fromme natoerfersen, pleiter foar Frysk op 'e preekstoel, útskroeven strider tsjin it kommunisme. Mei syn rjocht en sljochthâlding makke er in soad fijannen, mar ek yn 'e hûs joech syn

[pagina 190]
[p. 190]

iverjen foar de memmetaal oanstjit. De tale Kanaäns wie no ienris it Hollânsk.

‘Dit is hjoed de lêste kear dat heit út 'e Hollânske bibel foarlêst,’ dielde Piter op in middei mei en lei plechtich de oersetting fan Wumkes op 'e tafel.

Pake Sjoerd seach him skodholjend oan.

‘Dan moat Piter hjoed noch mar ien kear goed harkje,’ sei er, ‘want fan moarn ôf sil er him alle middeis lykme allinne yn 'e keuken behelpe moatte mei Wumkes.’

 

Ferskate kearen is Piter ôfseame as er syn boadskip ferkundige en yn Beets smieten de reade dissipels fan Domela him yn 'e feart doe't er har gearkomst fersteurde. In ‘zoon Gods’ dy't him ‘openbaar’ makke. Mar it ‘reikhalzend verlangen’ yn dat sealtsje wie op wat oars rjochte.

Doe't er op syn stjerbêd lei en Fedde Schurer foar de doar stie, wegere Piter him te sjen en rôp út syn sliepkeamer wei:

‘Salangsto mei bolsjewisten om 'e tafel sitst, kin ik dy net oan myn bêd ha.’

 

Us mem koe net mei droege eagen oer har broer prate.

 

Se hat in skoftke de yllúzje koestere dat ik it wurk fan Piter fuortsette soe. Doe't ik al in pear jier yn Amsterdam wenne, frege se my: ‘Skriuwst noch wolris, jonge? Do koest it eartiids sa, fan dy moaie fersen en ferhalen...’

Ik knikte. ‘Och, ja, ik besykje noch wolris wat...’

Nei my oerbûgjend, as gong it om heechst fertroulike ynformaasje, sei se:

‘Der ferskine hjoed de dei safolle strieminne boeken fol godslestering en beesteftigens. Jonge, do witst net heal! Se skriuwe alles mar skamteleas op, dat komt: se witte net mear wêr't it om giet yn it libben. Ik lei der fannacht noch wekker fan en doe tocht ik: soe ús Hessel no net ris wat fan wearde meitsje kinne? Wy ha

[pagina 191]
[p. 191]

ommers it wurd fan God as in lampe foar de foet en in ljocht op...’

‘Nee mem, dat kin ik net, en ik wol it net. Ik skriuw om't ik wat fan it libben te witten komme wol, net om oaren te learen hoe 't it yn elkoar sit. Ik wol net foarskriuwe. Dêr ha ik trouwens it rjocht net ta.’

Har gesicht ferluts.

‘Mar do wurdst dochs learaar?’

‘Ik wol de taalfeardigens fan bern fergrutsje, en dêrmei har mooglikheden. Ik sil har net leare wat se te sizzen, te lêzen of te skriuwen ha, of wêr't se nei harkje moatte.’

Se tocht nei. Doe sei se hoopfol:

‘Wat om te laitsjen dan, miskien?’ In nerveus glimke luts har om 'e mûle.

♦

Doe't ik by de berjochting fan Eichmann myn ôfkear fan Dútsers de frije loop liet, kaam ús mem in foarfal yn it sin.

Tusken de stream fijanlike soldaten dy't yn maaie 1940 troch it doarp teach, op wei nei de Ofslútdyk, seach se in jonge meistuteljen fan in jier of santjin, deawurch, sa wyt as in lyk.

‘Geahonger,’ sei se, ‘ik wit wat it is.’

Se draafde tusken de militêren troch, luts de knaap efter har oan en naam him mei deryn. Se sette him op in keukenstoel, joech him in stik bôle en in beker molke en liet him by sûpe en stút komme.

‘Foardat er him wer yn dy stream meidriuwe liet, ha ik him in tút jûn en sein dat er foarsichtich wêze moast mei dat gewear. Ik koe it net helpe, Hessel. It wie sa'n leave jonge en hy wie safier fan hûs. Hy sil wol by fersin meirûn wêze.’

 

It ferhaal taaste my yn it moed en ik hie it der mei ús heit oer. Dy koe it ferhaal al, hy hie der ek al oer neitocht.

‘It wie út goederbêst, mar it foel wol ûnder help biede oan de

[pagina 192]
[p. 192]

fijân. Dy jonge wie soldaat yn 'e Dútse besettingsmacht, dy wist wat er die, dy liet him brûke. Hy wie fout. Dêr hie Fam rekken mei hâlde moatten.’

‘Mar wie der dan gjin tsjinstplicht yn Dútslân? Al dy jonges waarden dochs mobilisearre?’

‘De arbeidstsjinst wie krektlikegoed ferplichte. Ik gong ek net.’

‘Heit gong net om't de besetter it frege. Foar him gong it dochs om syn eigen regear? Se hiene Hitler dochs sels keazen?’

‘Eigen regear, keazen... wat bemaalst no. It wie it kwea, jonge. Hitler, de Nazy's, al dy jonges wiene fout. Sûnder mear. Ut. Dêr moatst gjin begrip foar opbringe, want dan hast gjin poat mear om op te stean. Mem die wat yn har hert opkaam, mar mei dat stik bôle foar dy Dútser fiede se it kwea. Dy knaap gong nei Koarnwertersân, it iennichste plak dêr't ús jonges de fijân tsjinholden ha, ûnthâld dat goed! In histoarysk plak. Afijn, wêr ha wy it oer. It is bard.’

Ik seach dat it him opwûn. Hy kearde my de rêch ta.

Hebt uw vijanden lief lústere ik noch, mar ik hie gjin tagong mear.

 

Dêr, yn Koarnwertersân, sil er syn kommando's krigen en opfolge ha, dy leave jonge út Dútslân. Hy hat dêr miskien de deadseangst kennen leard, mooglik de dea sels. En ik frege my ôf oft it fermoeden fan ús mem net jildt foar elk leger: dat it foar it grutste part bestiet út by fersin meirinnende jonges. Mar dy fraach lis ik net oan ús heit foar.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken