‘Myn brij,’ seit er.
Ik meitsje molke waarm.
‘Net op 'e sûker besunigje!’
Op 'e râne fan 't bêd wurket er syn skaaltsje brinta min ofte mear wei. As ik him nei syn nacht freegje, stekt er ôfwarjend in hân op. Ik hear de sûker kriizjen.
Hy docht de holle foaroer foar in stil tankgebed, dan miket er my oan en gappet mei de mûle wiid iepen. De tonge is him wyt en op 'e tosken sit plakkerige oanslach. Hy wol wol wer ûnder de tekkens.
‘Hoe let komt de thússoarchhelp?’
‘Watte? Thús... o Tineke komt om healwei njoggenen.’
‘It is krekt healwei achten, heit kin rêstich noch in oerke knipperje.’
Swijend lit er him troch my bestopje.
Syn hoastjen komt djip wei. Hy sjocht wurch en stúmsk ta. De âlde striidberens hinget him leadswier yn 'e hûd.