Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
It ferset (2004)

Informatie terzijde

Titelpagina van It ferset
Afbeelding van It fersetToon afbeelding van titelpagina van It ferset

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman
vertaling


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

It ferset

(2004)–Harmen Wind–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

27

Nyls hie op 'e HBS niget krigen oan it fak skiekunde. Fan 'e kelder ûnder de bêdsteden makke er in laboratoarium, dêr't er yndrukwekkende proeven yn die. Faak hongen de fergiftige dampen op 'e dyk en soms siddere it hûs op syn fûneminten. It gesin bleau sparre en ek Nyls oerlibbe alle eksploazjes.

Hy learde it jongste bruorke fan Wite, Pierke, dat noch gjin trije jier âld wie, it wurd ‘kalium-permanganaat’, want dat wie nuveraardiger

[pagina 254]
[p. 254]

as ‘bal’ of ‘poes’. Doe't it jonkje dat wurd letter noch hieltyd herhelle en gjin poes him in bal skele koe, waarden omke Simen en tante Hylkje ûngerêst. Foar har skoep de diagnoaze de kwaal: Pierke bliek autistysk. Yn syn waarnimmen siet in strang seleksjemeganisme. It measte hie er gjin euvelmoed yn, mar hy sloech as yn in kompjûterbestân alle jierdei- en stjerdatums mei stikken rouadvertinsje fan alle famyljeleden en doarpsbewenners op en levere dêr oanhâldend mûnlinge útdraaien fan. Ferbjusterjend krekt. Mei dy ynformaasje gong er dûnsjendewei troch it libben. En dêr hold er it by. Pierke liet him net ôfliede, dat wie syn kwaal.

Us mem hold fan Pierke. Se hiene har deistige ritueeltsje, altyd op 'e selde tiid. Hy kaam deryn en frege:

‘Is De Murk op trijentweintich septimber njoggentjin trijentachtich yngongen yn de ivige freugde?’, dêr't sy op antwurde:

‘Ik tink it net Pier, De Murk kaam nea yn tsjerke.’

‘Mar dochs wie er in bêste baas,’ sette hy dêr dan foaroer, dêr't sy yn meistimde.

Us heit struts mei de finger by de noas lâns en suchte.

Dit dialoochje koe him dan maklik noch in kear of trije herhelje, ear't Pierke opsprong en tefreden de keamer út dûnse. Bûtendoar repetearre er dat sintsje ‘mar dochs wie er in bêste baas’ sûnder ophâlden.

 

Nyls studearre ôf yn de fysyske gemy, mar eins wie it de alchemy dy't him obsedearre. Yn syn hert woe er goud meitsje. Nei syn doktoraal skeakele er oer op teology. De stoflike wurklikheid wie him dochs te beheind. En liturgy koe ek net sûnder formules. Us heit hie der in bedroefd bytsje betrouwen yn.

‘Nyls sit al oan kop en earen ta yn 'e wittenskip, tink der mar om, dy begjint aansens God nei te rekkenjen mei de teoryen fan Darwin. Hy leaut net, hy redenearret.’

Ik moast weromtinke oan ien fan syn earste eksegetyske eksersysjes, doe't wy noch by dûmny De Vraay op kategesaasje sieten. It gong oer de skeppingsdagen.

[pagina 255]
[p. 255]

‘Altyd as God wat skept, stiet der ‘en zie, het was al zo’, sei Nyls. ‘Ja, sa kin ik it ek.’

 

Ik brocht myn fyts nei omke Jelmer om in traper fernije te litten en rûn him tsjin it liif yn 'e winkel, mei in overal oan dêr't er al herwaartse tiden syn kwasten oan ôffage. Ik begûn oer de ropping fan syn soan.

Hy reagearre ôfwêzich. De Nachtwacht sûge al syn oandacht op, mar hy makke der gjin geheim fan dat er der ek net sa mei yn 't skik wie. Dat Nyls bewearde dat de slang yn it Paradys likemin sprutsen hie as de ezel fan Bileam, wist er al en hy hie der gjin wurden foar. En dat syn soan fraachtekens sette by de bloedfersoening wie fansels net te ferjaan.

Sels wie omke Jelmer op in tongersdei thúskommen mei twa mânske snoeken dy't út harsels by him yn 'e molkskou sprongen wiene en dus fertroud mei it boppenatuerlike.

Hy sette de snor fan Frans Banning Cock noch justjes oan en naam in pear stappen ôfstân.

‘It ljocht,’ lústere er, ‘it ljocht is it slimste.’ Doe seach er my wer oan.

‘As Nyls it dêr mei himsels yn goed krije kin, alla, wy kinne him net mear stjoere. Mar no kladderet er mei syn tinkbylden by de preekstoel op en mient dat er it wurd betsjinnet. Ik sjoch him leaver dwaande mei in reagearbuis as mei in bibeltekst.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken