1
It Hollânsk skept in oare wrâld as it Frysk. Dat docht bygelyks bliken yn it útdrukken fan de relaasje tusken âlders en bern. It is yn it Frysk ûnmooglik om, ast it hast oer ien fan dyn âldelju, te sizzen ‘myn heit’, ‘myn mem’. Ek as iennichst bern praatst oer ‘ús heit, ús mem.’ Pluralis majestatis út beskiedenens. Wy binn' faaks wat dat oangiet minder yndividualistysk as Nederlânsktaligen. Miskien wurdt, krekt yn gesachsrelaasjes, identiteit yn it Frysk ûntliend oan watst gemien hast mei oaren en yn it Nederlânsk oan wat dy fan har ûnderskiedt. Myn ‘ús heit’ beklamme dat ik allinne wie.
It Frysk liket ek ôfstân te skeppen. Myn paken en beppen sprutsen elkoar oan mei ‘jo’. Yn dy achting siet ek ôfhâldenens. In bern sil syn âlders net sa oansprekke, lit stean dat er har doket. Hy omsylt it persoanlik foarnamwurd en seit:
‘Wol heit my even helpe?’ Ek no noch jildt tusken my en him dy foarm. It giet lykwols om wat oars as ôfstanlikens of ûnderdienigens. Sterker noch, it is krekt dizze foarm dy't fertroulikens bewurket. Net ien oars wurdt sa oansprutsen. ‘Jo’ is goed foar elkenien, útsein foar him, ús heit. ‘Jo’ soe him fan my ferwiderje. Dêr komt by, as ik him oansprek op syn heit-wêzen, bring ik net allinne fertroulike achting nei foaren, mar rop ik him ek ta ferantwurding. Ik lis him fêst op syn bysûndere status as oansetter en opfierder en krij dêrmei sels de romte dy't ik nedich bin.
Us heit foarme ek nochris in apart gefal yn ús húshâlding. Ik besef dat ik al yn de doetiid oer him praat. Nee, net oer him, oer in sitewaasje dy't foargoed ta it ferline heart. Syn wrâld kaam net mei dy fan mem en my oerien. Dat lei oan syn beropstaal, syn leauwensjargon, syn stopwurden, mar dêrneist wie syn spraakgebrûk kleure troch de omkriten dêr't er opgroeid wie. Hy prate Frysk, mar op in wize of hie er it fertimmere. Sa neamde er in