It ferset
(2004)–Harmen Wind– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 266]
| |
hea, dêr is de ûnheilsprofetes dan dochs einlings - Melanie Sandet lûkt fol as ik de ûnfrede fan ús heit ûnder wurden bring. Huverich stekt har snútsje troch it oan wjerskanten fuortkjimde floksige hier. Kraaleachjes. Se praat as wrakselt har stim troch nauwe gonkjes nei bûten. My oansjen docht se net. Se hat tefolle har omtinken by wat se sizze moat en swije. ‘Meneer Wisch is niet gemakkelijk. Dat komt, hij kan geen geduld opbrengen. Wij zitten met een personeelstekort, ik moet ook steeds overwerken en u begrijpt... Maar meneer belt erg vaak en snapt niet dat wij niet altijd klaar kunnen staan, zeker niet als hij steeds zijn bed uit wil terwijl hij er nog maar pas in ligt. Dat is voor mij, voor ons, ook niet leuk, steeds maar weer die bel...’ Dan fynt har stim in needútgong: ‘Je wordt er soms doodziek...’ mar se knypt him direkt wer ôf. Se drukt it mispriizjen út fan de beukerliedster foar in bern dat snotte oan 'e bank smart. Janny en Melanie kinn' it aardich lykfine. Ik wol har de diagnoaze dy't sy my trije wike lyn trochjoech (‘de eindfase, terminaal ja’) op it kleed bringe, mar de telefoan giet en se keart my de rêch ta.
Hoe faak ha ik ús heit sa meimakke, sa fan it hynder, sa ûnmachtich de rezjy oer syn eigen libben en omjouwing te fieren? Ik passearje by It Hearrenfean it Abe Lenstrastadion, dêr't neffens it skrille ljocht in fuotbalwedstryd oan 'e gong is. As ik de autoradio oanset, skalt it kommentaar op as hie ik it portierrút iependraaid. Mar yn dit gefal stjert it net wei. Ik nim it mei. |
|