‘Witsto in bettere beneaming? Jonge, do witst net heal...’ Hy wrakselet him omheech.
‘It binne... it binne... Klearebare boalen binne it. Ik sei it dy dochs earder al? Dit is hjir in gefangenis, in konsintraasjekamp, net mear en net minder. Dat se my oan ien tried wei kommandearje, dêr mei ik min oer, mar dat se my negeare, skouderje, dat is noch folle slimmer! Ik skilje om help en dy tutten spanne gear om my lam te slaan, plat te krijen.’ Hy kroant en lit hem weromfalle yn it kjessen.
Jacob sit mei de mûle op 't kier oan it fuottenein. Sa'n tirade hat er noch net earder fan pake heard. It jout him ek in folslein nij sicht op de wrâld fan Bethesda.
‘Se ha it bêste mei heit foar,’ sis ik.
Hy skodhollet ferwoast, wurdt wer heftich:
‘Dat sjochsto ferkeard. Dy wachtlist, dat binne tsientallen... wat sis ik, hûnderten minsken dy't stean te kringen om opnommen te wurden. En dyjingen dy't deryn sitte, moatte net te lang wachtsje. Better wurde duorret te lang. Plak meitsje moatte wy. Ofreizgje. Dát fine sy it bêste.’ De ôfgriis leit op syn gesicht.
Ik besykje him del te bêdzjen:
‘Ik seach juster noch in ûndersyk, dêr't út bliken die dat de minsken yn ferpleechhuzen in soad wurdearring ha foar de ynset fan it persoaniel...’
Hy wiuwt it lêbich fuort.
‘Hasto wolris in deadenien protestearjen heard?’
Us heit set it yn 'e kant. Der is gjin wei mear mei him te beriden. Jacob en ik sjogge elkoar oan. Myn soan faget him senuweftich oer de noas. Wy sitte by it bêd mei de stasjonsklok oan it fuottenein. Grouwélich oerwurk, dêr't in ferspringende wizer de sekonden op telt. It makket fan dizze keamer in perron, mar de iennichste tsjinstregeling dy't hjir bestiet is in soarchtiidskema.
De klapbrêge fan Van Gogh skoot myn eachweid wer yn. Hy is leech. Ik ha him leau 'k ek wolris sjoen mei minsken derop, in frommes mei in parasol of sokssawat.