de fiiftûzen tahearders fan de Berchrede, om noch mar te swijen fan ‘de schare die niemand tellen kon’ út Openbaringen.
Hy waard poerlilk. Ik woe dus beweare dat de Heare Jezus, ús Heilân, in folksmenner wie? Safier wie it dus mei my kommen?
Datsoarte fan misferstannen wie ûnútroeiber en ûnoplosber.
Nei't er telefoanysk besocht hie my fan it plan ôf te bringen en my tarôp:
‘Hoechst allinne mar om dy hinne te sjen yn hokker selskip ast dy bejoust,’ sei ik:
‘Liket dat net in bytsje op wat Jezus ferwiten waard? Dat er him ôfjoech mei huorren en lânferrieders?’ Hy skreaude:
‘Do hast dochs net de evele moed om dysels mei de soan fan God te ferlykjen?’
Hy wâde gewoan dwers troch de redenearing hinne. Ik koe my der noch ôfmeitsje mei:
‘Ken heit dat ferske dan net mear: Ik wens te zijn als Jezus?, mar hy hie de hoarn der al op smiten. It wie as prate earne fier boppe ús immen:
Welaan, laat ons nederdalen en daar hun taal verwarren.
As er him opwûn yn in petear, krige er swierrichheden. Mei syn hâlding, syn motoryk, syn formulearjen, syn lûd en syn ûnthâld. Diskusjearjen ûntheistere him. It makke alles ûnbetrouber en ûnfoarsisber. Krigest it gefoel dat er alle amerijen oereinspringe koe om in stoel troch it rút te soalen. Us mem siet it altyd spoekbenaud oan te sjen.
En dochs is taal altyd effektyf. Ien dy't meilibjen toant lit se mei har treaste, út 'e mûle fan de huner kwetst se, op 'e tonge fan de bedrager liicht se, de betiisde mei har ferhaspelje, foar de sûch lient se har om ûnsin út te kreamjen. Yn it jeuzeljen fan 'e dronkeman is se like sinfol as yn de útlis fan de learaar. En as begryp gefaarlik wurdt, is taal goed foar misferstannen.