It ferset
(2004)–Harmen Wind– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 279]
| |
komt geen oorlog.’ Allemaal vredesberichten, zelfs Colijn liet zich door het Nationaal-Socialisme zand in de ogen strooien. De geschiedenis herhaalt zich: vredesmarsen beïnvloed door het communisme. Ze zijn tegen defensie, maar waar zijn ze voor? Voor vrede, maar welke vrede? De vrede van het marxisme en communisme? Vergeet het maar. Het staat niet op zichzelf. Het verlaten van Gods Woord leidt tot wetteloosheid en normloosheid. Het is een ideologie die geen vrede, maar chaos oplevert. ♦ Wy sieten yn de foarkeamer. Hy begûn oer de demonstraasje. Hy woe my oertsjûgje fan it grutte kwea dat kommunisme hiet. Mem siet jachterich te haken oan in ûndersetter dy't in moaie kâns makke ta taffelskleed út te dijen. It fel spande him strak oer de noas. Hy sette my fuortdalik op efterstân: ‘Witst wat it is, Hessel? Do hast de oarloch net meimakke.’ ‘Ik miende dat it benammen grifformearden en kommunisten wiene dy't yn it ferset sieten.’ Hy skode nei de foarste râne fan 'e stoel, wreau him by de noas lâns en klaude him yn 'e hals, mei skokkerige bewegings. ‘It kommunisme is de steatsfoarm fan de antikrist. De tsjerke wurdt yn Ruslân bloedich ferfolge.’ ‘It IKV is krekt likemin in pleit foar it kommunisme as it ferset dat yn 'e oarloch wie, al sille de besetters de ûndergrûnse allicht in bolsjewistysk komplot neamd ha.’ Dat wie him te folle tagelyk. Hy begûn te roppen. ‘Wat sitsto no te, te, te... jeuzeljen oer it ferset jonge. Yn dizze tiid! Dat is dochs net te ferlykjen! Wês bliid dat it gjin oarloch is. En dat ha wy te tankjen oan 'e kearnwapens. Blinder jonge, do bist in, in... grutte sûch asto dat net sjochst.’ Mem skrille op. Reade plakken yn 'e hals. Mei in wyt ferlutsen kop siet er foar my oer. Alles yn him drukte ôfkear út. | |
[pagina 280]
| |
‘Heit hat folslein gelyk, Hessel, mar no hâlde wy deroer op. Witsto dat Meint syn boat ferkocht hat?’ Ik seach har oan. Se begûn wer omraak te haken. Us heit siet swier te sykheljen. De hannen oprôle ta fûsten. ‘Wy libje yn in brutsen wrâld. En ús regear hat in ko-los-sa-le opjefte. De overheid draagt het zwaard niet tevergeefs, Romeinen 13.’ ‘En moat ik no roppe: Allen die naar het zwaard grijpen, zullen door het zwaard vergaan’, Mattheus 26? Slaan wy elkoar mei bibelteksten om 'e earen? De swurdmacht fan it regear slacht yn 'e fisy fan Paulus op 'e rjochtspraak en oarder...’ ‘Ho ho ho ris even jonge. Fisy fan Paulus? Wat bemaalst no? De apostel sprekt net foar himsels. It is Gods wurd. Dat hâldt stân... houdt stand in eeuwigheid en zal geen duimbreed wijkend!’ ‘... Hanthavenjen fan 'e oarder. Lit my útprate! Tsjin in goed organisearre plysje-apparaat ha ik neat. Mar dy saneamde definsje is jimmeroan offensiver wurden, yn beide machtsblokken. In ûnbetroubere yndustry dy't earst en foaral har eigen belangen tsjinnet. Beide kanten jeie elkoar op, legitimearje elkoar. Dy spiraal moat trochbrutsen wurde.’ Ik hearde mysels praten yn de bekende klisjees en wist dat ik him op dizze wize nea berikke soe, mar hoe koe ik it oars sizze? Hy jage my de barrikaden op. In iepenhertich, persoanlik petear wie ûntinkber. Mem wie de tried fan har haakwurkje kwyt. ‘Dêr sit wat yn, fynst net Homme? Mar wolsto even dy pûde ierpels foar my út it hok helje?’ Se lei in hân op syn earm en besocht him mei in knypke fan begryp ôfte remjen. Hy skodde har ôf. As in straklutsen fear siet er op it rântsje fan 'e stoel. ‘Wy ha dit allegear al meimakke, foar de oarloch al. Dy eh... dy beweging fan, hoe hjitte er ek wer, die eh... it brutsen gewearke. No, wy witte wêr't dat op útrûn is, blinderhalem.’ ‘It brutsen gewearke wie in symboal, it stie foar oerlis ynstee fan geweld. Dat it net ta in dialooch komme koe yn dy fersteurde fer- | |
[pagina 281]
| |
hâldingen, dat makke dy beweging noch net ferantwurdlik foar de twadde wrâldkriich. En wat dat biedwurd fan it IKV oanbelanget, help de kernwapens de wereld uit, te beginnen in Nederland, dat slacht net op ûntwapening, mar op in earste stap yn in oare rjochting. In symboalysk begjin.’ Us heit hie it mier oan it wurd symboal. ‘Dat moatte wy symboalysk opfetsje,’ wie in standertterm fan nije teologen. It paradys, de sûndefal, de trochtocht troch de Reade See, it op it wetter rinnen fan Jezus, de opstanning, de himel, de hel - allegear symboalysk. It wurd hold foar him yn: sabeare, toanielspul, leagen, ûnleauwe. Mem krôke. Se kaam ûnhandich út 'e stoel. ‘Wêr ha jim it no yn 'e frede oer. Wy binne dochs mar gewoane minsken? Ha jim der no noch net genôch oer sein?’ ‘Hy seach har ien momint ferneatigjend oan, stuts de wiisfinger beskuldigjend myn kant út en ferfolge skerp: ‘De earste stap yn in oare rjochting, ja. En hokfoar rjochting: de ûndergong. Se sette de doar deagewoan iepen foar de Rus. Dy Mient Jan Faber hoecht mar op in fluitsje te blazen en heal Nederlân sit lekkens te beskilderjen mei bernewurdsjes. It is... it is... ien grutte binde, en do... do bist as meirinner ek gjin stoer wurdich.’ Hy wie de rezjy kwyt. De machteleazens bruts him baan. Hy hime as hie er in ein draafd. Ik batste deroerhinne: ‘Ja, as ik ynstim mei dat folsleine gelyk fan heit, dan ha ik pas betsjutting! Ien ding is dúdlik: de massa dy't thús sit is folle grutter as de massa dy't demonstrearret. En dy thúsbliuwers, dat binne de echte meirinners. Jim litte jim bespylje, jim foarmje it folk dat leauwigens al lang ferroale hat foar sleauwigens en dat ja en amen knikt sadree't sa'n omheechfallen politikus dy't al jierren syn ferantwurdlikens delegearre hat, foar in tv-kamera de fingerseinen op elkoar set...’ ‘Wat hear ik? Wolsto ús beskuldigje?’ Hy stie heal oerein en raasde no. | |
[pagina 282]
| |
Ik fielde my de opwining troch de lea lûken. We stienen foarinoar oer, yn 'e fjochtgroppen. Ik woe him reitsje, krekt as hy my.
Doe seach ik har wer. Swittend fan benaudens. Ik liet in sjarzje sjitte en ús mem besocht it nochris: ‘No, no, Hessel, dûmny Van Dishús sei altyd: ‘Óntzag voor het gézag.’ Se plôke oan har kleedsje. De haaknulle lei op 'e grûn. Dit moast ophâlde. Syn wizende hân hong noch beevjend yn 'e romte, mar syn lûd wie wer min ofte mear ûnder kontrôle. ‘Do hast dochs noch wol earbied foar de oerheden dy't oer ús steld binne, mei ik hoopje? Do bist dochs gjin... hoe hjit dat, do bist dochs gjin anargist? Dy kommunisten, jonge, dat binn’ beesten, ferjit dat nea! Hy seach my oan as moast er prúste. Krekt syn broer Egbert. Dy fan 'e ploppers. Ynienen kaam my Reade Kobus yn 't sin, dy befrijingsdei yn '55. Syn tsjinspiler by it bargebongelspul. De man fan godfergémy. Reade Kobus, in beest...
Hy rjochte syn each op har. Sy knikte. Mar ik seach dat se dat net wist. Hy twong himsels om net mei in bibeltekst ôf te rûnjen: ‘Wy litte ús net... betsjoene troch de rottefanger fan Hamelen, wat seisto, mem?’ Se skodholle hearrich. Ik seach har tinken: ‘De rottefanger... betsjoene... Hamelen, hoe wie dat ferhaal ek al wer?’ Dêr siet er, mei in útdrukking as hie er de genedeklap útdield, mar stie er sels op it punt om tsjin 'e flakte te gean. Oan 'e ein fan syn latyn. Op it taffeltsje tusken ús yn stie in faaske mei in reade keunstroas. Ik kaam oerein, tute mem yn har bûnte hals en joech my ôf. Dit ûnderwerp soe tenei ek ûnbesprekber bliuwe. Wy hiene der wol genôch oer sein. |
|