snien stik bôle mei felreade sjem. Ien hapke, fjouwer kante sintimeter, ûntbrekt.
‘Hoe is it heit?’
Hy knikt muoisum. De lippen op elkoar om syn mûlfol. Us oanwêzigens liket him kâld te litten. Stiif stoarret er yn it neat. Ik nim syn hân yn mines en sjoch him oan.
‘Slok dy fla ris troch, dan helje ik tee.’
Hy draait stadich de holle nei my ta, makket de hân los, leit dy by my op 't skouder en slokt, dêr't syn hiele lea de ynspanning by ferriedt.
‘Sa,’ seit er foldien.
Ik begjin net oer de fal fan it bêd.
Under de fikus by it rút sit, foar in eptich froutsje dat út 'e fierte wat wei hat fan keninginne Juliana, in besiker. In man mei in sinnebril, polaroid, yn in losknope gabardinejas. As har bodygard spilet er net min by. Hy hâldt har skattend yn it each, it kopke yn 'e fûst. Ina hâldt heit it tútkantsje mei swiete lije tee foar. Hy wol it sels fêsthâlde, nimt in swolchje en spant de lippen op elkoar. It focht bliuwt him yn 'e mûle stean.
As wy in oere letter ôfskied nimme, liket er wer risselwaasje te meitsjen om te slokken.
‘Wol heit wat sizze?’ Hy besiket my oan te sjen.
‘Neat sizze,’ seit er. In snjitsje brún focht rint him by it kin lâns.
Ina rint hastich foar my nei de útgong.
De man mei de sinnebril hellet my yn.
‘Het is wat, die ouwetjes. Wor' je niet vrolijk van.’
Ik eagje fansiden nei him. Nee, fleurich is er net wurden.
‘As it dyn heit is, of dyn mem dy't hjir sit, sit hjir in flink stik fan dysels.’
Hy hellet in pakje sjek út 'e bûse en begjint yn 'e rin wei in sigaret te draaien.
‘Flink stuk van jezelf? Ja, ik begrijp wat je bedoelt. Zo kun je het