Oft se, as foar de pinebestriding in swierder middel, morfine, nedich is, myn tastimming freegje moatte. Tastimming is in grut wurd. Ik wol der yn alle gefallen yn kend wurde as it safier is.
Langer as in wike sil er net mear te libjen ha.
Is dizze ûntjouwing yn oerienstimming met de ôfspraken dy't wy by it earste berie makken? Diagnoazen, prognoazen, libbensferlingjende of genêzjende behannelingen - hy is al te fier hinne. Elke operaasje soe, yn syn eigen wurden ‘in misdied’ wêze. Mar wat soe er op dit stuit wold ha? Soe er, as er it foar it sizzen hie, net elk strieke fêstgripe?
Ik rin noch even nei syn keamer. Hy sliept. Syn sykheljen is hymjen, it fel hinget him los om de plasse. Ik meitsje him net wekker. Ferstjerre. Oait wie it in from ideaal fan godsikers dy't har bewust ûntholden fan ierdsk genot. It hat in nije betsjutting krige. Immen mei opsetsin iten ûnthâlde om him deagean te litten. It wurd boartet syn makaber spul mei my ûnder de weromreis.
Ferstjerre is: ferswakke, ferkrampe, ferkommerje, ferkwine. Of, mear yn oerienstimming mei de oarspronklike bewenners fan Bethesda: fertoarje, ferlamje en ferskrompelje. Foar fersêftsjen, ferjaan en fersoenjen liket op dy dearinnende wei gjin romte.
En dan is dêr wer it byld fan 'e pier yn see, dêr't alles ophâldt. Dat petear tusken ús, doe't er hearde dat er kanker hie. It is no wér safier. Diskear sil er gjin Mozes wêze kinne. No wachtsje ik op syn ôfskiedswurd, no moat syn leauwe him rêst jaan. Ik sjoch him stean sa't ik him ken fan eartiids, oan 'e see: lytsman, befongen troch trystens en ûnwennigens. ‘Bewogen als een riet in de wind’, bedrige troch de oanrôljende weagen. Nearne mear wis fan.
Hy is bang. Hy stiet foar de twadde dea.
Mear as ien kear hat er it mei stimmich lûd foardroegen, dy tekst op 'e foarlêste side fan 'e bibel.
Wie overwint, zal deze dingen beërven, en Ik zal hem een God zijn en hij zal Mij een zoon zijn. Maar de lafhartigen, de ongelovigen, de