Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
It ferset (2004)

Informatie terzijde

Titelpagina van It ferset
Afbeelding van It fersetToon afbeelding van titelpagina van It ferset

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman
vertaling


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

It ferset

(2004)–Harmen Wind–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

20

Op it útstel fan omke Tymen en tante Geke om mei fakânsje nei Enkirch, reagearre ús heit fûleindich. Dútslân! Yn oarlochstiid hie er, mei gefaar foar eigen libben, wegere om dêr te wurkjen. Soe er dêr no, yn fredestiid, fakânsje halde? Mar Tymen wist him oer te heljen. Syn arguminten wiene simpel en streekrjocht. De oarloch wie al hast tritich jier foarby. As de sûnden fan de foarfaars al besocht wurde moasten oan it neiteam, dan wie dat dochs net ús opjefte? En dêr kaam noch by, ek al soene dy Dútsers faaks foar gjin Pfennich doge, dêr koe dat moaie lân dochs neat oan dwaan? Us heit foel stil. As Tymen, dy't syn rjochterskonk jûn hie foar it heitelân (al wie dat ek as gefolch fan it feit dat er in hângranaat los yn 'e bûse stutsen hie), him oer syn tsjinnichheid hinne sette koe, soe hy dan noch dwers lizzen bliuwe? Hy liet him meinimme.

[pagina 296]
[p. 296]

Doe't se werom wiene toande er my, op my tarinnend, syn sûvenir: in skurve lút mei in bol bûkje, sûnder snaren. Hy stuts it ynstrumint op as in tennisracket, en lake heimsinnich, as wie muzyk hearber salang't er it omheechhold. En hy joech syn lêzing fan it aventoer dat er belibbe hie.

De foarlêste deis hie er him allinne ôfjûn, de berch op, mei de fierrekiker (syn televyzje) op it liif. Omke Tymen stoarre him fan it hotelterras ôf nei. Prachtich waar, swide natoer. Nei in oerke omdoarmjen wie er it paad folslein bjuster. Ut 'e boskrâne yn de fierte klonken lûden, muzyk. Op in iepen plak tusken de wit hoe hege, ivich rûzjende spjirren stiene lange dekte tafels mei laitsjende sjongende minsken deromhinne. Wynfeest.

Immen murk syn ferskining op, kaam op him ta en joech him in waarme Dútse hân.

‘Freund, komm bitte!’ It hearde as de útnoeging fan Jezus sels: ‘Vriend, kom hogerop!’ Hy koe net wegerje.

Him waard ek sa'n glês op in griene draaide poat foarset mei in flesse wite wyn derneist. Se lieten him net gean ear't er dy op hie.

‘Ik rôp mar wat fan wûnderschön en song sa'n bytsje mei. Kolossaal hertlik, dy minsken allegear. Klinke mei elkenien, laitsje - ik tocht: ja, sa moatte wy mei-elkoar omgean. Wy songen ek noch... hoe wie it ek al wer... rozen, nee Tulpen uit Amsterdam. Dat koene sy better as ik! En ik fansels meisjonge mei dat Dútske fers: Ein Prosit. Dy tekst is net sa slim. In kear of seis dy wurden herhelje en dan it glês omheech, nee, dat gong my goed ôf!’

 

Us mem fertelde hoe't er dy jûns thúskaam - ‘yn 'e hela-holastimming’. Sjongendewei kaam er de berch ôf, wif op 'e fuotten.

De fierrekiker op 'e rêch.

‘Wûnderschön!’ rôp er al út 'e fierte.

Heit syn oarloch wie ôfrûn.

‘Wy koene elkoar net ferstean, mar ik koe goed mei dat folk prate.’ Syn fleurigens liet ek Tymen en Geke laitsje, mar oars as er

[pagina 297]
[p. 297]

dêrboppe wend wie. Mem tekent yn it fakânsjeferslach gearfetsjend oan: ... ‘dat hie minder aardige gefolgen.’

Hy woe har lykwols de oare deis noch it feestterrein sjen litte, tocht dêr yn it dafke sa hinne te riden, mar pas nei oeren sykjen fûnen se ‘heit syn plakje, besiedde mei lege flessen en glêzen.’

‘De brede wei liket soms ferrifeljend op it smelle paad,’ skreau ús mem. Se fiske der noch in pear kelken tuskenút en hy fûn dêr syn oantinken, it muzykynstrumint, dat thús al gau op 'e fliering telâne kaam. De reisgenoaten soene him dizze útspatting altyd wat spotsk neidrage. Foar him wie it ien fan dy komselden foarkommende mominten dat er ynstimde mei it libben sels.

De dronkenskip fan de âlde man mei de flesse Moezelwyn yn dat Enkircher spjirrebosk stelde dy fan de jongfeint mei de âlde kleare by de Blauhúster maaibeam glorieus yn it skaad.

 

De reis nei Dútslân wie, neist de definitive ôfrin fan de oarloch, ek de apoteoaze fan it toeren. De ritsjes waarden koarter, ús mem har senuwen spilen wer op. Doe't er in pear jier letter yn Appelskea de auto rotsfêst op in ôfseage beamstronk parkearde, sei se: ‘Dit is in teken, Homme. It is ôfrûn.’

De snein dêrnei foel it sicht fan syn rjochter each wei.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken