3
Alve oere. Us heit leit mei de eagen iepen yn syn tsjuster te digerjen. Ut en troch begjint er te heisterjen en triuwt de tekkens ôf. Soms liket er even fuort te fallen, mar net lang. Dan kroanet er wer en taast om him hinne. Ek yn 'e sliep set er him skrep.
Dêr leit er, ienentachtich. Wol útpraat, net útteld. Hy suchtet swier, syn hannen skowe en doarmje. Wat hy meimakke hat, wat him makke hat, it is der noch en it wurket noch altyd oan him. Hy beseft it, hy wit dat er net klear is. Hy libbet mei weromwurkjende krêft.
Syn antlit wurdt al mar mear in masker. Hy rjochtet him nei binnen. Mar wat er dêr fynt, fergruttet syn eangst.
It is yntiid 1 maaie. Healwei ienen. Ik besykje him yn 'e sliep te praten. Syn suchtsjen is kleien. Foar de safolste kear wrot er it tek ôf en lûkt de skonken ien foar ien op, in fytsbeweging. Alle war dy't ik doch om him te bedimjen, aktivearret him. Muoisum gewraksel. In ôfmêde doarmer dy't it paad bjuster is. Wer hoastet er, djip út 'e kiel. En wer grypt er it tek.
‘Kalm dochs, net sa drok, de dei fan de arbeid hat heit nea oansprutsen,’ sis ik.
Neat ferriedt dat er my heart. It past by him. Hy soe sa'n opmerking altyd demonstratyf negearre ha.
Hjir leit er, in bonkerak. Hy hat allinne in piamajaske oan en in ûnderbroek. Folle is fan syn lichem net mear oer. Ik bin bang dat er kjeld skipet en doch him de tekkens dochs wer oer. Smûgend protestearret er.
It drinkkantsje soarget foar koart opûnthâld. Heit leit him net by syn ein del, mar oereinkomme sil er net mear. Melanie Sandet komt om him te ferskjinjen. Ik rin it rûntsje om it nachtlike binnenplak hinne en hear alle keamers suchtsjen.