4
Alles leit wer rjocht, ek syn holtsje op it kjessen. Mar syn wajangearmen krûpe al wer ûnder it spande lekken wei. Ik ûnderskep in swevende hân. Hy lit him yn mines rêste. Syn eachlidden slute djip yn 'e kassen. Hy sykhellet snuvend. It ferskil tusken wekjen en sliepen wurdt lytser. Nimt er noch waar as er sjocht? Heart er as er harket? Of konsintrearret er him inkeld noch op syn hope en freze? Hy fielt myn hân mar hâldt dy net lang fêst. Syn hannen spylje it spul boppe de holle. Soms knypt er de lippen ta in prommemûltsje.
No begjinne de skonken wer mei te dwaan. Hy liket de tekkens as benearjend te ûnderfinen. In pear rigels Oude visser komme boppe:
De herder sprak: 't zij u ten zegen.
Zo ik u heb in 't net gekregen,
wordt gij door God eruit gered.
Fan dit lêste is er op dit stuit hielendal net oertsjûge. Foarearst besiket er himsels te befrijen. En ik fang him hieltyd mar wer. Syn kroanen heart no as grânzjen. Mar ta in gefjocht mei my is er net mear by steat. Safier is it ta syn ferbjustering kommen. Hy hie it skrikbyld in pear wike lyn al: hjir leit er no, ôfmêde en lamslein. Hy moat gean, en dus litte se, wy... lit ik him omkomme.
Oer mem har lêste dagen skreau er mear as ien kear hoe rêstich se wie, fol oerjefte. Sy wûn de keunst fan it stjerren, om't it har slagge har oer te jaan.
De predikant, De Vree, hat hjir juster noch west en yn it laadsje in briefke efterlitten. Hy notearret dat er, nei in skoftke, dochs kontakt mei him krige.
Mijn vraag: Verlangt u naar het einde c.q. de verlossing? wordt door