It ferset
(2004)–Harmen Wind– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 321]
| |
dimmen. Ik krij troch dat it de brêge is, dy't himelsbreed op in ôfstân fan hûndert meter oer de Isel hinget. Persoane-auto's binne te licht. Bestelbuskes goaie al genôch gewicht yn 'e striid om in trilling troch de grûn te stjoeren oant yn 'e muorren fan ús hûs. Gjin nerveuze tremor, earder in rêstige befêstiging. As in spinnende kat ûnder in streakjende hân harket it hûs ynstimmend nei wat oer de brêge komt. As ik gefoeliger wie, soe ik fernimme dat ek myn stoel, myn lea, súntsjes meifibreare. It ûntgiet my. Dochs wart it hûs him better as ik. Alde sensaasje: as jonkje stie ik by it tsjettelhûs fan it fabryk en lei myn hân op 'e muorre. Oanhâldend fielde ik de stiennen hiel licht triljen, wylst in swier gnoarjen dêrefter de lytse lûden bûten, it risseljen fan blêden, it sûzjen fan wjukken, oerstimde.
De oare deis, 2 maaie, wurd ik moarns yn 'e Meipoortstraat oansprutsen. ‘Hoe is het mogelijk? Goeie morgen!’ Reewillich glimkjend stiet in frommeske my yn 't paad om har werkenne te litten. Ik sjoch yn har wyldfrjemd gesicht en swij benijd. Betizing krûpt har eagen yn. ‘Meneer Fischer!’ ‘Ook goeie morgen, maar ik ken geen Fischer, althans niet persoonlijk.’ Wylst ik it sis, kringt de ûnsinnigem fan dy reaksje ta my troch. It misferstân soe net oplost wêze as Fischer ta myn kennissekring heard hie. Wylst har eagen grutter wurde, falt har de mûle iepen. ‘Maar u bent toch meneer Fischer uit 's Heerenberg?’ Se beklammet elk wurdlid om my op myn identiteit te wizen. ‘De zanger? De schaker?’ Helaas, ik moet u teleurstellen. ‘Dan heeft u een dubbelganger!’ ropt se, as wie noch net alles ferlern. Ik laitsje har freonlik oan. ‘Dat sil sa wêze.’ Ik rin troch en tink werom oan in ferlykber momint. Op it | |
[pagina 322]
| |
stasjon fan Amersfoort draafde in fint op my ôf dy't fuortdalik slop fan laitsjen oantinkens op begûn te heljen. ‘God, god, wat ben ik blij je weer te zien, Jacques! Weet je nog, die mokkels uit Bremen...’ It oare gong te hurd. Ik slagge deryn him te ûnderbrekken. Ik wie Jacques net. ‘Maar jongen, Jácques Blésse, jij wilt mij toch niet gaan vertellen dat je alles kwijt bent, die luchtbrug naar Berlijn...?’ ‘Wat ik nooit gehad heb, kan ik dat kwijt zijn?’ Ik moast fleane om myn trein te heljen. ‘Twee druppels water!’, rôp er my beskuldigjend efternei. Dat barde flak foardat ús mem stoar.
As ik it Ina fernij, seit se: ‘Krekt as hear ik in oerâlde fraach: “Adam, waar zijt gij?” En op 'e ien of oare manier steurt my dat. |
|