-Ds. Slik: Friese dienst. Geen evangelie. 's Middags nog eind gewandeld en even naar Els. 's Avonds ds. Duivenei van Heeg over hemel en hel. Vreselijk oneerbiedig. Wij zijn er uit gelopen...
‘Wij zijn eruit gelopen.’ Dêr hiene se in reputaasje yn heech te hâlden, benammen ús mem. Dy siet dan ek, alteast oan healwei de jierren sechtich ta, yn in makliker posysje. Alhiel neffens de regels oan 'e frouljuskant, efteryn. Se wie der yn in omsjoch út. De amtsdragersbank hie in doarke. As âlderling koest eins net fuort. Pas doe't er wer gewoan tsjerkegonger wie, krige ek ús heit mear romte. Mar ek doe sieten se noch jierren net byelkoar. Hy hie syn fêst plak lofts foaryn, sy hold it trochstrings, ek al siet alles langer troch elkoar hinne, by har âlde plakje rjochts efteryn.
Se hie in antenne foar it momint. Meastentiids wie der in wink nei har suster Els en tagelyk riisden se oerein, wachten oant de sleauwe kritykleazen romte makken, en trapen demonstratyf op it porteal ta.
Pake Sjoerd hie der trouwens de oanset ta jûn.
Yn in preek dy't mar gjin gong krije woe, liet dûmny Van Dishuis op 'e kalme weachslach fan syn foardracht de fraach meidriuwe:
‘En waar, broeders en zusters, moeten wij nu de apostel Jacobus plaatsen? Hoort hij naast Filippus de bemiddelaar? Of mogelijk naast Simon Petrus de rotsman? Is zijn plaats wellicht naast Andreas, de leerling van Johannes de Doper? Nee, gemeente, ook naast Andreas hoort hij niet. Moeten wij hem dan toch aan de zijde van Bartolomeüs...’
Pake oppenearre him:
‘Ik soe sizze, dûmny, set him hjir mar del, want ik meitsje in plakje frij.’ En hy pandere derút.
Us mem stapte om útienrinnende oanliedingen op.
Doe't in jonge frisse-wynpredikant as ynlieding fan syn tekst út it Johannesevangeelje de fraach stelde oft alle Jannen, Johannen en Hannesen stean gean woene en elkoar taswaaie, wie der gjin twifel.