It ferset
(2004)–Harmen Wind– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 330]
| |
earst nei it ferstjerren fan pake. Lêste wurden. Se hearre by dy, draachst se mei. In yntym geheim datst iepenbierest by dyn dea. Of se wurde dy persoanlik ynjûn foar it ôfskie, in profetysk tsjûgenis, it sicht op 'e gouden sealen fan it hjirneimels. Us heit fertelde fan in boer op Haskerdiken, dy't yn syn lêste wurden: ‘Ik wie it,’ bekende dat er syn frou fermoarde hie. In misdied dêr't syn feint al tolve jier foar efter de skoattels siet. De naaister fan 'e dûmny yn Aldhoarne soe, wylst har eagen brutsen yn it himels ljocht, úroppen ha: ‘Hy hat gjin burd!’ De skearbaas-doarpsomropper fan Nijbrêge spruts, ear't er de lêste sike útblies: ‘Efter de hurdtegels.’ Doe't de neibesteanden dy derút sloopten, fûnen se in kistke mei gouden sieraden dy't er yn de wide omkriten byinoar stellen hie. Lêste wurden kinne ek swart op wyt bestean: De prak staat op het stel, ik kan het niet meer aan. Jentsje Kramer. En soms komme se út 'e loft fallen. De Murk, de goeie baas, sette de fyts yn it hok, hong de jas oan 'e kapstok en rôp de keamer yn: ‘Geartsje, myn hert stiet stil.’ Hy rûn noch nei syn stoel. Doe't er sitten gong, wie er al wei. Tussen ons en de dood is maar één schrede, sei ús heit. Wij kennen de dag, noch het uur. En eins wienen de lêste wurden fan myn hospita, Lies, de lêste wurden fóar har, útsprutsen troch dat famke mei it krollekopke yn 'e trein. ‘Een hersenbloeding, mam, is dat als er bloed in je gedachten komt?’
Us mem hie har eigen ûnderfining. Doe't se op besite wie by in muoike yn Frjentsjer, seach se op 'e skoarstienmantel in koperen teeljochtsje stean. ‘Wat ha jo dêr in prachtich âlderwetsk komfoarke!’ rôp se út. ‘Asto it moai fynst, meist it wol meinimme fanke,’ sei de âlde frou. ‘Dat guod - it docht der foar my net mear ta. Myn leafste liet is: Neem mijn leven, laat het Heer toegewijd zijn aan Uw eer. En ik mei graach it kûplet meisjonge: | |
[pagina 331]
| |
Neem mijn zilver en mijn goud
dat ik niets daarvan behoud.’
Us mem koe sa'n leafde wol wurdearje. Sels hie se in lichte foarkar foar
Tel uw zegeningen een voor een,
tel ze alle en vergeet er geen.
Thús wreau se har skat glêd en joech him in eareplakje. In dei letter kaam der in telefoantsje fan de dochter, har efternicht, dy't har sûnder omwegen beskuldige ûnder falske ferlechjes har warleaze deminte mem it antike famyljestik ôfflaaid te hawwen. Us mem ferstive, mar wegere it komfoarke werom te jaan. It soe útlein wurde as in skuldbekentenis. In moanne letter skille de dochter op 'e nij: ‘Ik woe even sizze dat ús mem justerjûne ferstoarn is. Har lêste wurden wiene: “It teeljochtsje.”’ Us mem wie koart: ‘Ik hie har in grutter ljocht gund.’ Doe lei se de hoarn op 'e heak.
Us heit hearde ien kant fan it petear. En hy frege net nei de oare. ♦ Syn lêste wurden. Myn ferwachtings wiene heech spand. Oan 'e oare kant, alles wat ûnder wurden brocht wurde kin, falt binnen it berik fan de sprekker, heart dus by syn werklikheid. Ien dy't útspraken oer it hjirneimels docht, seit neat oer it hjirneimels. Dy seit wat oer himsels. Ik woe wol dat er dat die. Ik woe wol dat der bloed yn syn gedachten kaam. Syn lêste fersteanbere sin hat er, no al wer fjouwer dagen lyn, útsprutsen: ‘Goeie reis.’ In winsk. Nee, gjin winsk, ik hearde de âlde toan: ‘Gean, do kenst it paad.’ Ek syn lêste wurd wie in opdracht. Hy slute oan by: ‘Do moatst...’ Ik moat. Ik moat ús heit fuortsette, syn boadskip fuortsizze. Dit | |
[pagina 332]
| |
moatten grypt my oan en lit my net wer los. Ik kin net oars as der myn ferhaal fan meitsje, in ferhaal dat him fan syn gelyk frijmakket. In bewenber ferhaal, in dak boppe de holle. Om him te behâlden, moat ik him ferriede. Hy is oergongen op gebeartetaal en ek dy gebearten binn' fertrage en ferstille. It wachtsjen is op syn lêste beweging. En hommels komt in âld byld op: ik sjoch him lizzen mei in opstutsen, wite fûst. |
|