prima, dan soe se him ek dizze lêste kear syn sin jaan, sis mar. Eigen skuld.
De kjeld út dy bak lûkt my yn 'e earmen, de holle. Ina en ik ûntwike elkoars each. Ik ûntwyk alles dêr't ik nei sjoch. Wer wrot him in lûd nei bûten, in koarte gjalp. Heech, as fan in wylp.
De gong is leech, ik wol noch ferhaal helje by Katja, mar se is al nei hûs.
‘Sil ik ride?’ freget Ina.
Ik wegerje. It stjoer jout hâldfêst, it paad rjochting, ik moat myn lykwicht wer fine. Wy ride werom nei syn hûs, it húske fan Martsje. Der moat romte makke wurde yn 'e sliepkeamer.
Ina hellet it bêd ôf, ik skroevje it ledikant útinoar en set de ûnderdielen yn it hok. Underwilens sûget sy de toppen dúst derûnder op. Foar njoggen oere stiet de ûnûntkombere begraffenisûndernimmer Lyklama al foar de doar. Us heit wie foar alles fersekere.
Wy kenne him noch fan mem. Syn foarkommen is ôfstimd op syn funksje: bonkerich stal, lange nekke en reade kealjende kop. Krekt in aasgier. Fûgelklauwen, fansels ek noch. Hy falt del yn ús heit syn stoel, ruteljend.
As ik myn bak kofje opnimme wol, komt it beevjen werom. Ik set him hastich wer del.
‘Dielnimming ja, it is wat. Fertel my neat, ik wit der alles fan.’
Ik lês de tekst deun boppe syn plasse: Die den heere zoeken, hebben geen gebrek aan eenig goed. Psalm 34:11. Dizze man siket neat, hy wit der alles fan. Wat soe him ûntbrekke?
Mei in potleadsje regelet er de gong fan saken yn tsjerke en de begraffenisresepsje alfêst, en skillet nei de drukkerij:
‘Alde Wisch is dea, kin it roubrief hjoed noch even?’
Wy kieze in kiste út 'e brosjuere. It ding sjocht der net út as wie it bedoeld foar ûnder de grûn. Om alve oere komt ús heit deryn thús. Lyklama kommandearret de dragers, stelt it plak foar de skammels fêst en loadst harren wer ta de doar út. Hy leit wer yn