17
Dûmny De Vree komt mei de liturgy, sa't ús heit dy fjirtjin jier lyn sels útskreaun hat. Hy hat him urven fan syn foargonger. Hy wol ús belûke yn 'e tarieding fan 'e útfeart.
Yntiid ha wy in pear stikken bôle hân. It iten joech my de kontrôle oer myn lichem werom, naam de mislikens wei en lei de ûnrêst oan bannen.
‘Valt dit onder de categorie “uitdrukkelijke wens van de overledene”? Ik betwijfel een beetje of deze verzameling geloofsgetuigenissen sprekend is voor het heengaan van uw vader, broeder Wisch,’ wifket er. En hij docht deroan ta: ‘Hij heeft het toch erg moeilijk gehad...’
‘Sit gjin kwea by, by dy man,’ komt my yn 't sin.
Folle âlder as tritich sil er net wêze. En no al stean syn trekken nei lijen en ellinde. Hjir sit de man fan het einde c.q. de verlossing.
Tusken har beide mei it dan wol net ta in sichtber konflikt kommen wêze, mar argewaasjes wiene der wol. Us heit hat him ris, nei in ‘neutrale’ preek warskôge:
‘Sykje it heil net yn Laodicea, dûmny!’
It ferwyt koe him fansels net ûntgean: Dit zegt de Amen, de getrouwe en waarachtige getuige. Omdat gij lauw zijt en noch heet, noch koud, daarom zal Ik u uit mijn mond spuwen.
Wy komme oerien dat we ús rûchwei oan ús heit syn tsjinstoanwizings hâlde sille. Ik tink net dat wy dêr skynhillich mei wurde.